Stomme letter

In stomme letter is yn alfabetyske skriften in letter dy't wol skreaun mar net útsprutsen wurdt. (De namme is in ferwizing nei dôfstomheid.) Stomme letters binne yn 'e measte talen frij seldsum, en hawwe krekt as alle oare letters in fêste posysje yn in beskaat wurd. It komt foar dat in stomme letter, hoewol't er sels net útsprutsen wurdt, wol ynfloed útoefenet op 'e oare letters fan in wurd. Sa is de r yn it Fryske wurd ferzen (útspr.: "fêzen") stom, mar as dy r net yn it wurd stie, soe dat útsputsen wurde as "fezen". Yn fonetyske transkripsjes kinne stomme letters net werjûn wurde, om't fonetyk inkeld de útspraak werjout en stomme letters no ienris net útsprutsen wurde. Om oan te jaan dat sa'n letter net ienfâldichwei fergetten is, wurdt yn fonetyske transkripsjes yn it plak fan in stomme letter wol it symboal ∅ ("zero") tafoege (net te betiizjen mei Ø, de haadletter ø).


From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by Tubidy